biografy_1Ik bin op 10 maaie 1951 berne yn Burgum. Yn de Skoalstrjitte neist de Pleats tsjinoer it âlde kafee dêr’t Harmen Sytstra jierren earder wierskynlik it liet skreau “Moai sûnder wjergea binne de wâlden” Al gau ferhuzen wy nei Drachten en letter nei Dokkum, dêr’t ik nei de legere skoalle nei lyseum Oostergoo gie. Fakânsjes brocht ik faak troch op Skylge.

Yn it jier 1968 waard ik studint yn Grins. Hurd studearje fansels mar ek in soad protestearje tsjin alle maatskiplike misstannen.

biografy_2Nei in blauwe moandei yn it leger waard ik learaar ekonomy. In moai fak – learaar. Ik wenne de lêste jierren yn Kûbaard, in moai lyts doarpke flakby Wommels. Sûnt begjin 2017 wenje ik yn Dokkum.

Ik trede foar it earst op yn 1975 op in soarte fan sjongfestival yn Easterein mei it liet “Jan Schotanus” dat gie oer de feroarings op it plattelân.Ik wenne yn dy tiid yn Surhústerfean. Omrop Fryslân makke dêrnei regelmjittich opnamen en ik waard faak frege om op te treden. In jier lang wie ik ek in fêste lietsjessjonger (skriuwer) by de Grutte Pier Show fan Radio Fryslân.

Oan it ein fan de tachtiger jierren waard it optreden geandewei wat minder. In hiel skoft trede ik ek net op, omdat ik der net folle nocht mear oan hie. Ik bleau lykwols wol skriuwen.

Band1aDat feroare sawat yn it jier 2005, doe’t ik op oantrún fan myn maat Doede Bleeker myn earste CD opnaam dy’t útkaam ûnder de titel Ljocht en Skaad. Dêrnei trede ik wer in soad op, allinne mar ek faak mei Johan Keus, Hans Battenberg en Bert Otten. Mei dy lêsten makke ik it muzykprogramma ‘Underweis’ dat op 13 april 2007 yn de Bidler yn Wergea yn premjêre gien is. Fan de lieten út dat programma is ek de cd ‘Underweis’ útkommen.

biografy_4Al wenne ik yn Kûbaard, ik kaam altyd graach yn Dokkum (dêr’t ik no dus wer wenje). Ik spylje hjirneist yn in kafee foar it Oranje feestkomitee. It liet dat ik hjir spylje moat hast wol Hamme Hos wêze  (druk hjir om dat liet te hearen). Hamme Hos is goed bekend yn Dokkum. Der is sels in orkest yn Dokkum nei him neamd. Dit Hamme Hos orkest bestiet út 55-plussers dy’t graach mei elkoar muzyk meitsje, in soad wille mei elkoar ha en ek gauris optrede. Ek sjong ik mei op in CD fan it shantykoar De Admiraliteitssjongers dêr’t ik in bysûndere bân mei haw.

biografy_5Yn 2009 waard ik de earste wâlddichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen en trede ik by ferskillende gelegenheden mei gedichten, ferhalen en lieten. In prachtige funksje. Fan dy gedichten is yn 2012 in dichtbondel útbrocht.

Ein 2009 waard ik troffen troch in beroerte. Dat hakte der goed yn. Ik bin dêr aardich fan hersteld, mar it spyljen op de gitaar is sûnt dy tiid spitich genôch in probleem.  Sjongen slagget wol en sadwaande trede ik  regelmjittich op mei de folkgroep Tsjirmerij mei it programma ‘Pilgrimaazje’. Dat programma hawwe wy yn april 2017 foar it lêst opfierd.