byld ‘Leren Lopen’ fan Hendrik Beekman ûntbleate

DSC_0125-522x391

Tongersdei 16 maaie fan 16.00 – 17.00 is yn de tún fan it revalidaasjesintrum fan Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach (Lyndensteyn) it byld ‘Leren Lopen’ fan Hendrik Beekman ûntbleate. Mariëlle Brouwer-Edes en ik binne tige bliid dat wy der yn slagge binne om dêrfoar it jild by elkoar te bringen en dat wy op dizze wize wat werom dwaan koenen foar alles wat de revalidaasje foar ús betsjutten hat. Hertferwaarmjend hoefolle stipe wy ûnderfûn ha by de realisaasje fan it byld. De ûnbleating waard troch in protte minsken bywenne en droech in feestlik karakter. Nei in koart programma yn it restaurant fan it revalidaasjesintrum waard it byld oerdroegen oan Mw. Gerrie Eikelboom, foarsitter fan de Rie fan Bestjoer fan Revalidaasje Fryslân. Dêrnei waard it byld offisjeel ûntbleate. De yndrukwekkende byienkomst waard ofsletten mei in hapke en in drankje yn it restaurant. In filmke makke troch sjoernaliste Klasina van der Werf jout in prachtige ympresje fan de ûntbleating (druk hjir). De eftergrûnmuzyk is it liet ‘Maitiid’ dat ik sjong mei begelieding fan Piet Koek (myn myzykterapeut tidens de revalidaasje) op de piano