Sliepe yn Spitkeet Harkema

spitkeet harkema (1)Yn myn funksje fan wâlddichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen sliepte ik op freed 28 augustus 2009  in nacht yn de spitkeet yn Harkema. Under oaren om ynspiraasje op te dwaan foar it folksferhalen dat op 12 septimber yn dat parkt hâlden waard. Fan dy nacht ha ik in ferhaal makke dat werom te lêzen is ûnder ‘gedichten en ferhalen’.

Druk, druk, druk …… de Raamambtenaar

raamkantoorklGoed twa jier lyn ha ik yn eigen behear in nij singel CDtsje útbrocht. It hat as titel meikrigen Druk,druk, druk mei as subtitel de Raamambtenaar. Je kinne it singeltsje bestelle troch my even in mailtsje te stjoeren. Om de kosten hoecht it net oer te gean.

Mei shantykoar op stap

DSC01780Dit is in aksjefoto op de merk yn Oud Beyerland dêr’t song  mei shantykoar de Admiraliteitssjongers út Dokkum.

Ik ha mei dit shantykoar meiwurke oan har CD dêr’t in hiele soad fan ferkocht binne en  haw gauris mei har optreden û.o. yn it tsjerkje fan Sybrandahûs.

Optreden Omrop Fryslân te hearen en te sjen

meihansynswolleIn aardich skoftsje lyn wienen wy te hearren yn it programma “Noardewyn” fan Omrop Fryslân. De opname fan dat optreden kinne jim werom hearre (druk hjir) of it liet Underweis sjen (druk hjir)

Nederland Leest

donkerekamerIk mei graach lêze. Dit jier stie it boek De donkere kamer van Damokles fan Willem Frederik Hermans sintraal yn it ramt fan de aksje Nederland Leest. Yn 2007 stie it boekje ‘De gelukkige klas’ fan Theo Thijssen sintraal. Ik ha dêrfoar doe in liet skreaun mei deselde titel (druk hjir om it ôf te lústerjen). It giet oer meester Staal en it is yn it Nederlânsk,  De tekst is werom te finen by “Gedichten en ferhalen”.