Dichter/sjonger fan Achtkarspelen

Yn maart 2009 waard ik keazen ta dichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen foar in perioade fan twa jier. Fanwege myn sykte is dat ferlinge ta trije jier. Dy trije jier sitte der no hast op. Fan de gedichten dy’t ik yn dit ferbân makke haw komt der begjin oare jier in bondel út. By dat bundeltsje sit ek in CD mei in pear lieten dy’t ik sjong mei begelieding fan Johan Keus. Nijer meidielings dêroer folgje. It gedicht dat ik foardroegen ha op de nijjiersgearsit fan de gemeente Achtkarspelen op 4 jannewaris 2012 kinst hearre/sjen op site fan de gemeente (druk hjir)