Earste Dichtbondel útkommen

P1020795aWoansdei 28 maart 2012 is myn earste dichtbondel útkommen mei dêryn gedichten dy’t ik de ôfrûne jierren makke haw as Walddichter/Wâldsjonger foar de gemeente Achtkarspelen. In pear fan dizze gedichten haw ik ek opnommen mei Johan Keus en op in cdtsje setten dat yn de bondel opnommen is. De bondel, útbrocht troch de gemeente Achtkarspelen, sil oanbean wurde op 28 maart 2012 om 16.00 oere op it gemeentekantoar yn Bûtenpost. Tagelyk mei it ferskinen fan de bondel bin ik ophâlden as Wâlddichter en waard de nije dichter bekend makke. As jo der belang by hawwe kinne jo my maile of skilje. De opbringst giet alhiel nei de aksje Ode aan de revalidatie.