Moarns om healwei njoggenen sit ik yn Santarim (midden yn Portugal oan de Tejo – net fier fan it beafeartsoard Fatima) oan it moarnsiten yn in hoteltsje. De earste kear op dizze reis dat ik yn in hotel oernachte ha. Oars sliep ik yn myn tintsje wêr’t ik krekt yn kin.  It ‘ontbijt’ is lúks fannemoarn. Meast is it net folle mear as in bakje yochert en dan keapje ik yn it earste it bêste doarpke farske bôle en yt dat dan bûtendoar op in doarpspleintsje tusken de âlde mantsjes en wyfkes op.

Pict0004Om njoggen oere sit ik op de fyts. Juster bin ik de bergen oerkommen. Nei in beste ôfdaling riid ik de Taag oer rjochting it flakke lân fan de Ribatejo. Fuort foar Almeirim ferlit ik de drokke dyk en riid troch de lânboufjilden, wêr’t froulju mei striehuod- sjes meloenen sykje. Der groeie hjir ek in soad tomaten, drúven en mais.

Ik yt de tomaten sa fan it lân. Dy binne hearlik en folle lekkerder as de wetterige kastomaten dy’t ik thús altyd yt.Op in bepaald stuit moat ik de drokke N-dyk wer op en belânje yn it doarpke Benfica. No koe ik de fuotbalklup wol mar ik wist net dat der ek in doarp wie dat sa hiet. Ik fyts sa efter yn in begraffenis op. In lyts ploechje minsken rint efter in lykwein midden troch it doarp. Froulju mei de skelkjes noch foar komme út de huzen wei en slúte oan. Mantsjes mei brommerkes mei bakjes efterop rinne ek sa yn de overaltsjes mei yn de stoet. Foar de lykwein út rint in mantsje yn in âld klofje, krom n ferwrotten fan it lânwurk. Sa wurde de minsken hjir begroeven. Yn it harnas. In grut ferskil mei de wize wêrop as wy de minsken meast begrave. Se hâlde hjir de deaden trouwens ek folle mear yn eare as by ús. De begraafplakken binne ien grutte blommesee. Ik bin twongen om ek in eintsje mei te rinnen, al fiele ik my wol wat in foyeur, mar dat skynt alhiel by de oare dielnimmers sa net oer te kommen. In eintsje fierder slacht de stoet rjochtsôf. Ik gean rjochttroch.

Pict0005Yn in doarpke Muga ferlit ik de dyk en twifelje as ik de goede rûte wol folgje. Fuort komme twa âlde wyfkes op my of. Ik lit har de kaart sjen mar se binne beide analfabeet en kinne my net echt helpe al wolle se it noch sa graach. In Portugees dy’t goed Frânsk praat wol. Hy is allinne mei syn 10 pakesizzers op stap en leit my út wêr’t in geskikt plak is om te kampearen. Meast meitsje ik sa 60/70 km op in dei (in inkele kear 100), mar hjoed hâldt it om 12 oere op.

Oer in hobbeljend sânpaad belânje ik krekt bûten Escaroupim op in kampinkje. Neat besûnders. Lyts, gjin fasiliteiten. Der sitte allinne wat Portugezen op dit plakje. Net ien kin my ferstean. Hoe lyts it tintsje ek is wêr’t se yn kampearje, elk hat der in televisy ynstean. Ik stean ûnder de beammen wêr’t lange beantsjes oangroeie, ik wit net hoe’t dy beammen hite. Middeis stekt der in hurde wyn op, dy’t it stof alle kanten útwaaie lit. Der is hjir neat te dwaan. Moarn mar gau troch nei Setubal.

Ik meitsje middeis mar even in kuier omdat ik oars ek net wit wat te dwaan en sa kom ik yn it doarpke Escaroupim, in fiskersplakje oan de Taag. De fiskersboatsjes lizze op de wâl. Elke fisker hat syn eigen gammel steigerke en syn fan ôffalhout bout hokje. De steigerkes binne frij wat heech wat der op wiist dat de Taag hiel heech komme kin. No is de rivier frij wat sânich en op grutte plakken leit der droech. De netten hingje te droegjen. Oan de oare kant fan de rivier leit ek in doarpke en op in sânplaat sit in grutte koloanje wite rigers. De âlde fiskershuskes binne bout fan hout en ferve yn de tradisjonele felle blauwe en griene kleuren. Prachtich autentyk.

Pict0006Foar it doarpshûs sitte in pear âlde mantsjes op in bankje yn it skaad fan de beammen. Se binne sa freonlik as wat. Hjir midden yn de binnenlannen, fier fan de kommersjele strannen, komme je it echte Portugal noch tsjin. Der hinget yn it doarpshûs in grutte foto fan in groep minsken dy’t folkloristyske muzyk makket. It doarpshûs hinget fol mei prizen dy’t se dêrmei wûn hawwe.

Ik kin de ferlieding net wjerstean en keapje in bantsje fan har muzyk, dy’ t ik krek as sigaretten út in automaat helje. It fernúveret minsken dat ik har muzyk keapje, mar tagelyk fine se it prachtich. Thús mar hearre.

Druk hjir mar foar muzyk fan “Os Avieiros do Escaroupim”  : Marcha de Saida.