117095ik wol noch altyd witte
hieltyd wit ik mear
mar tagelyk fan alles
wit ik noch hast neat

ik wol de eangst ferlieze
sjen litte wa’t ik bin
net better as dy wêze
wol sizze wêr’t ik stean

ik wol de frijheid leare
al is it in gefjocht
ik wol de striid net keare
as it giet om rjocht

Ik wol de rêst útstriele
net de waan fan elke dei
net falle foar d’ emoasjes
de spektakelmaatskippij

ik wol graach yn dy leauwe
der is safolle skyn
even op dy driuwe
even út de wyn

ik wol noch altyd witte
hieltyd wit ik mear
mar tagelyk fan alles
wit ik noch hast neat

Liet  fan cd  Underweis