spitkeet harkemaIn grouwe bui jaget oer de Wâlden as ik op freedtejûn, om healwei achten, nei de spitkeet yn De Harkema riid. It is wyld waar, swiere leadblauwe loften slepe leech oer it gea en it giele ljocht fan de jûnssinne kleuret in prachtige reinbôge boppe de elzesingels. Sa moai sjogge je it net sa faak. It is krekt as riid ik ûnder in poarte troch, al skoot dy poarte wol hieltiid foar my út.

Ik sil dizze nacht yn de spitkeet fan De Harkema trochbringe. Dat dogge je net samar. Der binne fansels ek folle better plakken om te oernachtsjen, mar ik wol graach ûnderfine wat sa’n nacht yn dy behyplike omstannichheden mei my docht. Allinne, oerlevere oan mysels, op dat besûndere plak. Mooglik bringt it my ek wat tichter by de wrâld en it libben fan de eardere heidebewenners, goed hûndert jier lyn, al wit ik ek wol dat ien nacht dêr fierste koart foar is. It griist in protte minsken oan en guon sjogge my oan as soe der in stekje oan my lossitte. Wa wit.

Nei in bakje kofje yn it ûntfangstsintrum wurd ik troch in aardige frijwilliger fan it park teplak brocht. De spitkeet is in lyts eintsje de grûn ynboud en leit fuort neist it earmetsjerkhôf mei de wyt houten krúskes en de klokkestoel. De flier is fan sân, de muorren fan brede heideseadden en it dak fan reid. Mei wat rûge planken is in bedstee timmere, fuort neist in foech geitehok en in hoekje turf. In pear stuollen en in âld tafel foarmje it fierdere ynterieur. It is better as in hol mar net folle mear as in stâl. Lytse rútsjes litte wat ljocht troch mar it is yn de beheinde romte knap tsjuster.  Eartiids waarden dy keten yn ien dei boud troch kânsleazen, earmen en ferskopten út de maatskippij, dy’t plak ha moasten. As der dan foar sinne-ûndergong reek út de skoarstien kaam koe net ien har der mear útsette. Se seine dan: “hy jout blau op” en jûns dronken de nije bewenners dan mei syn allen it Godswetter, dat wie in soarte fan surrogaatkofje. Jild foar echte kofje wie der net. Ik ha in lyts fleske Bearenburch mei, ek in soarte fan Godswetter.

Ik rôlje myn sliepsek út yn it bedstee en hingje in ljochtsje oan in spiker. De doar kin fan binnen út net op ’t slot. Ik lit him earst ek iepen stean, mar as ik in man ‘Sonja’ roppen hear en dat kommando blykt net foar syn frou te wêzen mar foar syn hûn, doch ik de doar dochs mar ticht. Ik ha net sa’n ferlet fan it selskip fan Sonja of oare nachtbidders.

De heidebewenners wienen froeger blykber al lytser want ik kin krapoan stean yn de keet. Der stiet in pispot ûnder it bedsket, mar ik meitsje leaver gebrûk fan it húske bûtendoar. Dat húske, dêr’t je ek noch op sitte kinne, bestiet út net mear as in pear planken en in gat yn de grûn.

It kin wolris in kâlde nacht wurde en ik meitsje it my, mei in tekken om, sa smûk mooglik. Al gau wurdt it wat tsjuster en komme de earste neven troch de sigerige grutte naden tusken dak en muorre op myn ljochtsje ôf en sette de oanfal op my yn. In pear dowen klapwjukje boppe yn de beam. It is near yn de keet, it rûkt nei de grûn en it is der wat stoffich, mar it falt my net ôf. Der sitte nochal wat spinreagen tsjin it reid mar dy wurde yn it tsjuster wei. Eins is it lúks foar my allinne, want eartiids sliepten se hjir mei folle mear en meast leinen de bern dan gewoan op it sân oer de flier. Ik ha wolris ien sizzen heard dat de earmoed stjonkt. It moat grif in stjonkerij west ha as de bewenners eartiids wietreind wienen en de klean by it fjoer opdroegje lieten. Ek in broeinêst fan sykten.

By it lytse ljochtsje besykje ik noch wat te lêzen en te skriuwen, mar dat is bot behelpen en sa tsjin de nacht oan begjint de grûn ek kâld op te jaan. Lêze en skriuwe wie der hjir earder foar de measten net by. Bern gienen al gau oan it wurk en moasten wat ynbringe. Foardat ik my deljou gean ik earst noch even in slach om oer it terrein fan it park. De wjerljocht lûkt lange swartrôze slangen yn de fierte troch de loft. Heldere stjerren blinke en yn de fierte blaft in hûn troch de lette jûn.

Goed healwei tolven krûp ik it bedstee yn, nei in pear slokjes Bearenburch. Earst plôkje ik noch in grutte nachtflinter flak neist my út de seadden. De wyn rûzet yn de beammen en de rein falt mei doffe drippen op it reiden tek fan de keet. It leit net echt min. Al gau slûmerje ik wat fuort. It is in lichte sliep dêr’t ik yn telâne kom en ik fernim dat ik dochs sa waaks bliuw as in foks. Sa út en troch waait der in ûnwaarsbui oer en alle kearen as de tonger mei syn fûst op de ierde slacht geane der tagelyk hjir en dêr hûnen oan. It is net echt kâld, mar yn de winter mei froast, kinst it hjir fansels wol bestjerre.

De iensumens fan de nacht falt ûnwennich oer my hinne. Ik bin hjir allinne. Wol hat de dyk in protte leven. De iene nei de oare auto giselet syn lûd oer de eartiids stille heide en guon bonkje mei har agressive technomuzyk it asfalt hast út de dyk. In hiel ferskil mei de akkordeon fan Durk Tabak (net it bêste foarbyld fansels) dy’t hjir flakby fan de Bulten kaam.

Om healwei twaen moat ik der ôf om te pisjen. It is in hiel geheister. Skuon sykje yn it tsjuster, lampe, fuotten oer it bedsket en dan nei bûten. De swarte skeletten fan de beammen bûge op de wyn en de greide ljochtet op ûnder in skiere moanne. De koartsluting yn de loft is noch net oer en sa út en troch knapt de wjerljocht noch boppe de bosk. Ik spoekje even om. Yn it gierende tsjuster sjoch ik gjin tsjoensters út de bleke bjirken op har biezems troch de loft fleanen. Ek sjoch ik gjin wite spoeken oer de Bulten dûnsjen of katte-eagen dy’t my de skrik op de lea jeie. As ik de keet lykwols wer yn sil taast ik mei myn hân yn it weake liif fan in nachtslak dy’t by de doar opkrûpt is mei noch in stik of wat oaren. Foardat ik wer yn it bedstee krûp, reagje ik mei in stokje de slakken fan de doar dy’t dêr in spoar fan sulveren slimen op efterlitten ha. Gjin duveldrek.

Tsjin trijen jout de dyk him del. De measte minsken binne thús en De Harkema leit efter my yn de sliep. Yn de rêst kom ik tichter by myn eigen tinzen, al priket de keet my wat en begjint it my oeral te jûkjen. Ek wurd ik in bytsje roppich yn ’t liif mar ik ha gjin iten meinommen en nim dêrom noch mar in slokje. Eartiids wie der foar de minsken hjir ek net it measte te iten. Faak net folle mear as ierappels mei wat fet, al streupten se fansels wol gauris in knyntsje of snipten in snoek út de poel.

De minsken wennen hjir frijwat isolearre en waarden foar in grut part oan har lot oerlitten. Dominee Warmolts wie wol bot mei de earme heidsjers begien. Tagelyk preke hy de berêsting. Ek de sosjalisten namen it foar har op en preken de striid, ek tsjin de drank dy’t hjir in protte ellinde brocht. De evenredige Jelle Dam, sels in heidsjer, dy’t in soad betsjutten hat foar de minsken hjir, wie tagelyk leauwich en sosjalist.

Sûnder de rop fan de podde yn de seadden of it pypjen fan mûzen yn myn bêd, skarrele ik heal tinkend en heal sliepend troch de nacht. It ljocht dat juster efter de Bulten ferdwûn  komt oer it Fean werom en slûpt, troch de skreven, de keet wer yn. In lêste neef iepenet de oanfal op my. Yn de fierte ferriedt de earste hoanne de nije dei. De heidsjers wienen der faak betiid út foar har wurk. Flaaksbrake joech hjir winters in protte oanslach. Simmers wurken se faak by de boer op de Grinslanner klaai dêr’t se oeren foar rinne moasten. Wjudzje of meane. Ek gienen se by de doarren del mei matten, biezems en bjinders.

Stadich krije de dingen yn de keet har foarm werom. Al ha ik net al tefolle sliept, ik fiel my dochs goed útrêst en gean om goed seis oere in slach om oer it fjild. De rein wasket my de sliep út de eagen. Oan de oare kant fan it terrein steane de skiep mei strakke sturtsjes my wat dom oan te gapjen, sa fan “wat moatsto hjir”. Neist de spitkeet geane de geiten, as ik tichteby kom,  fuort foar my troch de efterste poaten. Ik dûk de keet noch mar wer even yn. It giele ljocht fan de iere sinne falt troch de smoarge lytse rútsjes en ik jou my noch even del. Om goed njoggen oere brek ik op. Net earder sliepte der ien yn dizze keet, dy’t my yn dizze nacht suver al wat eigen wurden is.

Ik freegje my ôf wat de nacht mei my dien hat. Fansels hie ik it drok mei de behyplike omstannichheden, it ûngemak, de lûden en it ûngedierte. Omstannichheden dy’t foar de heidsjers altyd bestienen en ek folle swierder wienen. Je moatte de wrâld fan de heidebewenners net romantisearje. It libben wie hurd en rûch. As heidepyk waarden je bot diskriminearre en je waarden net âld. Bern stoaren massaal troch de Spaanske gryp en wienen faak net mear as in nûmer op in wyt houten krúske yn it sân. Dizze nacht konfrontearre my mei dat libben en  it grutte ferskil mei myn eigen wrâld.

Dêrneist ûnderfûn ik ek, wat ik earder fielde, dat as ik mei minder rûnkomme moat, mear ûngemak akseptearje moat en tichter by de natuer libje, dat it libben foar my dan tagelyk in djipper kleur krijt.

Ûnder in bleekblauwe loft set ik ôf. De dei is nij. De heide bloeit, de koetsekraal gloeit en de dauwe kralet oan de raaien fan it gers.

De Harkema, 28/29 aug. 2009