wy wenje op in lytse planeet oan de râne fan in gewoan molkweistelsel,
draaie om in normale stjer hinne, yn in ûnopmerklik kluster
en in frijwol leech hielal, dat der nei alle kanten
hast gelyk útsjocht

sterrengeboortefoar ús leit Fenus ûnder in dik wolketek, te waarm om te wêzen, en efter ús leit Mars read, kâld en beferzen en fierder, alhiel efter Saturnus, slingert as in iisbal Pluto it kâlde tsjuster yn

út gasbollen en stof binne we berne, yn de nevels fan it hielal nei’t de oerklomp, it kosmysk aai, miljarden jierren tebek mei in flits út elkoar barste

singelier

Oerknal02stjerren kamen,  stjerren binne gien

en wy ? de ierde?

út de restanten fan de âlde stjerren,
wite dwerch of reade reus,
is de ierde ûntstien

de ierde hie temin massa om sels in stjer te wurden, swevet as in bol yn it hielal,dat útdijt as in ballon en wy freegje oan in God nei it werom

Astronomie1de oseaan, de see, sette ús oan lânen, op de fêste wâl bouden wy ús in honk, sûnt ha wy hiel wat mei elkoar te stellen op dizze lytse planeet oan de râne fan ien fan de safolle molkweistelsels
net de takomst ljochtet nachts hjir oan de himel,
sjogge wy nachts omheech steane wy each yn each mei it ferline, al lieten swarte gatten yn ‘t hielal wol in hiele soad ferhalen ek ferdwine

mar as wy stil binne

Zwartgatit moat dan wol hiel stil wêze yn en om it hûs, dan kin je de echo noch hearre fan it begjin

yn it gesûs

fan it kosmysk eftergrûngerûs