ik gie ris mei in Dalstrareis nei Praach
hie noch wat snipperdagen en ik reizgje graach
de stêdetrip wie foar in breed publyk
de minsken wienen dêrom wakker ûngelyk
foaryn de bus sieten de lju mei it wat drege praat
efteryn de stamgasten fan it kaffee fan Blauforlaet
kealle it by de iene helt wat swier
de stamgasten sieten hast de hiele reis oan it bier
âlde Knilles fan goed santich jier
in suterige pet op syn grize prûkje hier
maskotte fan it kafee en lytse boer
sloech gjin inkel rûntsje oer

wy sieten yn in net te djoer hotel
en kroaden deis by alle monuminten del
de dregen bearden oer de kulturele pracht
de stamgasten wienen mear nei sûvenirs op jacht
en jûns gie it iene part nei de opfiering fan de opera
de oare helt nei in foarstelling yn de nachtklup ta
âlde Knilles rekke dêr sels oan de faam
dy’t net sasear op him as wol op syn pensjoen ôfkaam
sadat de ferkearing krekt salang bestie
oant se syn beurs yn har taske hie

Theresienstadt stie op it program fan de lêste dei
it konsintraasjekamp dat net sa fier fan Praach ôf lei
en yn dy stiennen barakken by it  ‘Arbeid macht frei’
foel it ferskil op slach tusken de minsken wei
elkenien spruts dêr samar deselde taal
skruten fertelde de iene de oar syn ferhaal
âlde Knilles wie djip mei wat hy seach begien
en hie út stil respekt de pet ôf dien

no sitte wy yn dit lân mei in resesje
miskien as yn de jierren ‘30 is ’t wol in depresje
guon roppe driigjend: “in oarloch kin sa wer begjinne,
tink mar net dat de minsken no folle better binne”
fansels is it in drege fraach, wa kin soks witte
mar yn myn antwurd sil ik net sa gau de reis nei Praach ferjitte
en al wurdt it langer wurkjen, hege lesten en in leger pensjoen
dan hear ik âlde Knilles sizzen:”Dan moat’ wy mei de pet mar rûn”