Undine se sjongt dy hjir ta oer de greiden
by nacht en by dei yn dit fier’ wetterlân
har stim rûzet as de wyn troch de reiden
har liet set it hiele gea hjir yn brân
se ferdriuwt de ûnmacht,it needlot,it lijen
en makket in ein oan elke flok.
dyn libben wit by har syn gerak wer te krijen
se bringt dy de leafde, se bringt dy it lok.

Undine do sjochst har oer de Wombola farren
de wite wiven drage har skip troch de jûn
hja driuwt by de Tille omheech oer de warren
as in swan komt hja stadich los fan de grûn
Se lit it wetterlân yn in djippe rêst sinke
har wûndere dream is alles oermânsk
se lit de stjerren oan de himel nachts blinke
en jout dyn wurge tinzen wer nije glâns

Undine do fynst har as de kimen wer gloeie,
yn it wifeljend ljocht fan de moarn.
se baait op it plak dêr’t de spûk’blommen bloeie,
en draacht openij it earste lûd oan.
Se lit it wetter oer har blanke lea rinne
en wasket de lêste sliep wei.
se brekt de wolkens yn d’ iere sinne
en jout de dei alle kleuren wer mei.

Claude_Monet_Water_Lilies_ToledoUndine se sjongt dy hjir ta oer de greiden
by nacht en by dei yn dit fier’ wetterlân
Har stim rûzet as de wyn troch de reiden
har liet set it hiele gea hjir yn brân.
se ferdriuwt de ûnmacht,it needlot,it lijen
en makket in ein oan elke flok.
dyn libben wit by har syn gerak wer te krijen
Se bringt dy de leafde, se bringt dy it lok.