Lyts is moai

De skoallen moatte ta op minstens 100 bern oars binne se te lyts. De provinsje moat opgean yn in noardelike regio. Wy moatte ta op gemeenten mei 100.000 ynwenners. Mijn eigen gemeente Littenseradiel wrakselt mei de weryndieling. Ik haw yn 1980 in liet skreaun mei as titel Lyts is moai. De tekst is noch altyd aktueel.

ZsignnkHsCSyk is ús wurk, te fier fan de grûn,

ik haw der de striid en de oarloch yn fûn.

Ommers de frede hâldt op fan bestean,

wurde minsken útskeakele yn har bestean.

Amper kommme we op ferhaal

en bouwe fierder oan de grutte skaal.

Wy glide ôf nei in ik-maatskippij

en ik fiel my hieltiid ôfhinkliker fan dij.

Groei om te groeien is in dearinnend paad,

nee oer  de kanker wurdt leaver net praat.

Mistrouwen bringe de machtshawwers mei,

Hja prate de wierheit út de wurden wei.

Nee net fan sinten en besteklik praat,

ik fiel it ferlet fan de minslike maat.

Mar salang at men grutskalich tinkt,

matigt nimmen in reade sint.

Sulveren sluiers falle del op’e grûn.

Ik haw der de dea efter skimerjen sjoen

Keal wurdt it lân, fûler blaast de wyn,

de greide wurdt stil en de bisten bliuwe yn.

Us Fryske gea giet mei yn de stream

fan de agro-Amerikaanse-business-dream.

De stêd falt stikken op it plattelân,

it lytse doarp is mei syn takomst oan.

Lyts is moai, foar elk dy’t it sjocht.

It is yn de maaitiid dy’t lyts libjen docht.

It is yn de leafde, de rêst en it ljocht.

It is yn de tinzen yn frijheit betocht

De wei nei Rome is net fan beton,

en je moatte earst in hiel ein werom,

om te sjen sa’t it sizzen seit,

dat de wierheit yn it lytse leit.