Maitiid

Sa sûn as in fiskfan de ien op de oare dei
wie ik útteld en ferlamme
die net oan it libben mear mei

Koartsluting yn de kop
sûnder it te witten
kamen myn hân en myn foet
sûnder stroom te sitten
– 
fn-sytsevanderwerf-522x391Mei in tonge as lear
sadat ik amper prate koe
en in suster freegje moast
as hja myn bôle snije woe

Gjin baas mear oer eigen liif
ôfhinklik as in bern
hie ik alhiel de macht
it stjoer oer mysels ferlern

De dagen wienen griis
dreech en sûnder faasje
skoden foarby op de maat
fan sykte en revalidaasje
– 
De winter wie in lange striid
finzen efter de rúten
mar rêst, geduld en terapy
dienen mei de tiid fertuten
– 
DSC02117No’t de sinne wer klimt oer it lân
kleurje de foarjiersblommen
wit ik wankeljend oer it paad
stadich werom te kommen

Noch ferdôve troch de klap
mar bliid dat ik der noch binis dizze maaitiid foar my
mear as in nij begjin.

Dit liet haw ik opnommen
mei Piet Koek , myn muzykterapeut