Pict0007Yn 2005 haw ik myn earste cd útbrocht, nammentlik de cd  “Ljocht en Skaad”.  Dizze  cd ha ik opnommen yn de studio fan Johan Keus. Ik wurd op dizze cd begelaat troch Johan Keus (gitaar), Hans Battenberg (fioele) en Bert Otten (akkordeon). Dizze CD is net mear te krijen.

Dêrneist kamen lieten fan my  út op de sammelcd’s fan Omrop Fryslân. Der is ik ek in cd mei âldere opnamen dy’t ik by Omrop Fryslân makke ha, mar dy is nea útjûn.

cd2voorkantYn 2007 is myn twadde CD útkommen, dy’t ik makke ha tegearre mei Johan Keus, Hans Battenberg en Bert Otten. De titel fan dizze cd is “Underweis”. Oan dizze cd wurdt ek meiwurke troch de sjongeres Cora Schram. Priis 13,50 EUR.

Ik ha ek noch in singeltsje útbrocht mei as titel de “Raam-ambtenaar”. Dat ha ik alhiel yn eigen behear dien. Priis : 4 EUR.

Wolle jo in CD bestelle stjoer my dan even in mailtsje. Ik stjoer jo dan de CD ta. It mailadres is  info@sytsevanderwerf.nl.