TV reportaazje oer Piet Koek

Tidens myn revalidaasjeperioade krige ik muzykterapy fan Piet Koek. In bysûndere man dy’t yn in teve utstjoering op sneintemoarn 25 maart 2012  te sjen wie by de RKK. Druk hjir om de reportaazje te sjen. Piet Koek hat my ek begelaat op de piano op it benefytkonsert fan freed 30 maart 2012.

Maitiid

Sa sûn as in fiskfan de ien op de oare dei wie ik útteld en ferlamme die net oan it libben mear mei – Koartsluting yn de kop sûnder it te witten kamen myn hân en myn foet sûnder stroom te sitten –  Mei in tonge as lear sadat ik amper prate koe en in suster […]

Dichter/sjonger fan Achtkarspelen

Yn maart 2009 waard ik keazen ta dichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen foar in perioade fan twa jier. Fanwege myn sykte is dat ferlinge ta trije jier. Dy trije jier sitte der no hast op. Fan de gedichten dy’t ik yn dit ferbân makke haw komt der begjin oare jier in bondel út. By dat bundeltsje […]

Optreden yn Rottefalle

Op 16 september 2009 fersoarge ik mei Bert Otten in optreden yn Rottevalle tidens de doarpsfeesten. Dêrfan is in stikje opnommen. Dat is te besjen op you tube (druk hjir)

Sliepe yn Spitkeet Harkema

Yn myn funksje fan wâlddichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen sliepte ik op freed 28 augustus 2009  in nacht yn de spitkeet yn Harkema. Under oaren om ynspiraasje op te dwaan foar it folksferhalen dat op 12 septimber yn dat parkt hâlden waard. Fan dy nacht ha ik in ferhaal makke dat werom te lêzen is ûnder ‘gedichten en […]

Druk, druk, druk …… de Raamambtenaar

Goed twa jier lyn ha ik yn eigen behear in nij singel CDtsje útbrocht. It hat as titel meikrigen Druk,druk, druk mei as subtitel de Raamambtenaar. Je kinne it singeltsje bestelle troch my even in mailtsje te stjoeren. Om de kosten hoecht it net oer te gean.