Optreden yn Wyns

Snein 22 febrewaris sil ik mei Tsjirmerij in optreden fersoargje yn de tsjerke fan Wyns. Wy bringe dizze middei in programma mei as tema Pilgrimaazje. Wat beweecht minsken om in pilgrimstocht te meitsjen ? Is it net in in flecht foar de wurklikheid, foar de drokte en de stress ? Is it gjin falske romantyk. En wat docht sa’n tocht mei jo, wat komme je tsjin en wat tinke je te finen. Ofwikseljend wurde ynstrumintale nûmers brocht mei ferhalen, lieten en balladen, wêryn it komyske elemint net ûntbrekt. Ik hoopje jim dêr te sjen. ( Sjoch foar de krekte tiden en in resinsje fan us programma fan Arjen Hut yn Friesch Dagblad myn facebookside. Meer weergeven)