Ynhâld programma Pilgrimaazje mei de folkgroep ‘Tsjirmerij’

(programma wurdt net mear opfierd sûnt april 2017)

417630_575938302417221_1556634769_n[1]It libben is in pilgrimstocht. Dit tema rint as in reade tried troch it programma : fytse of rinne nei Santiago de Compostela, Rome, bysûndere moetings, djippe yndrukken, de tocht al as net ôfmeitsje, it libben dat rake klappen útdielt.

Sa foarmje de lieten, gedichten en ferhalen in stielkaart fan it lok en leed, útdrukt yn byldzjen-de teksten mar ek yn ferstille en swingende ynstrumintale nûmers.

Troch myn teksten te kombinearjen mei de karakteristike Tsjirmerij – folksound krije myn nûmers in hiel nije kleur. Mei ús allen fertelle en sjonge wy oer ús eigen ûnderfiningen yn in wrâld dy’t hieltyd gekker liket te wurden.

 Tsjirmerij

Tsjirmerij bestiet uit Bert Otten (accordeon en trekzak), Wim Hobers (gitaar, banjo, mandoline) en Piet Herrema (doedelzak, fluiten, bodhràn). De groep is ien fan de âldste folkgroepen yn Fryslân en bestiet noch altyd út deselde besetting as doe. Yn it tritichjierrich bestean hat it trio konserten jûn yn ferskate Europeeske lannen wêrby Ierlân de favorite bestemming wie. IMG_8484

Resinsje Arjan Hut – Friesch Dagblad

Ofsluting en nij begjin op in snein yn Bears

In snein yn Bears, yn in tsjerkje treedt de folkgroepTsjirmerij op. It is de ôfsluting fan Tsjerkepaad 2014 dat as tema Pilgrimaazje hoe. Tsjirmerij hat wol in hiel bysûndere gast regele. It is de sjonger en ferskeskriuwer Sytse van der Werf, dy’t lang net mear optreden hat. In nij begjin? Yn 2009 waard Van der Werf beneamd ta Wâldsjonger, oftewol gemeentedichter en –sjonger fan Achtkarspelen. Op dat stuit hier er al in fearnsjier as trûbadoer aktyf west. Oan de ein fan datselde jier waard er troffen troch in beroerte. Op syn webside seit de muzikant dêroer dat it der goed ynhakte. ‘Ik bin der aardich fan hersteld, mar it spyljen op de gitaar is sûnt dy tiid i probleem’. Krekt as manlju fan Tsjirmerij – Bert Otten (akkordeon), Wim Hobers (gitaar, banjo, mandoline) en Piet Herrema (lillepiip en fluiten) – lizze de woartels fan Van der Werf yn Burgum. Dochs ha se nea earder meimekoarspile. Hja hawwe om it tema Pilgrimaazje in programma gearstald mei ferskes ut it oeuvre fan allebeide oanfolle mei gedichten en ferhalen. De âld-Wâldsjonger dy’t al jierren yn Kûbaard wennet is fansels it meast senuweftich. Hy hat al de gitaar derby, mar docht de stimme it noch en komt der wol wat folk? As de muzyk begjint, sitte der sa’n santich harkers, Wat ûnwennich stapt de Kûbaarder nei de mikrofoan, mar it duorret net lang, of de ferskes en de ferhalen rôlje fan it poadium ôf de tsjerke troch en alles docht wat it dwaan moat. ‘Druk,druk, druk’ hjit it earste ferske. Ut en troch kin Van der Werf efkes sitte, as de, as de hearen fan Tsjirmerij losgeane op in moai swingend ynstrumintaal nûmer. Sawol Van der Werf as Wim Hobers ha op pylgerstocht west, de earste op de fyts en de twadde te foet, Beide fertelle der âdersmaaklikst oer. Hobers fertelt oer de toeterjende Hollanners dy’t him foarbysjeesden en in man yn in kafee yn Luik, dêr’t men om healwei achten moarns al oan it bier sit en fan kofje gjin sprake wie. Van der Werf hearde muzyk by alle lânskippen dy’t er seach. In reis fan wiken, mei allerhanne yndrukken en aventoeren, en dan yn in flits mei it fleantúch werom nei hûs. Gloedfolle, tapaslike lieten as ‘Donkere kralen’,’Myn thús’ en ‘Underweis’ komme foarby, in traktaasje foar de oanwêzigen. Dat jildt ek foar de ‘Kust fan de dea’ mei in tekst ynspirearre op de Costa del Morte, foarby Santiago de Compostella, ea beskôge as it ein fan de wrâld. It lêste ferske ‘Oanstellerij’lit hearre dat net elkenien sa’n pylgerreis begrypt. In treflike humoristyske ôfsluter fan in gelegenheidskombo dat hooplik faker spylje sil.