compostella_2In tal jierren lyn makke ik lange fytstocht fan Sint Jabik yn it Bilt nei Santiago de Compostella yn Spanje.

In bekende pilgrimsrûte dwerstroch Europa.

Troch de Ardennen, de Sjampanje troch, de heuvels fan Bourgondië, dwerstroch Frankryk, oer de Pyreneën, 3000 km trape yn fjouwer wike, sa’n 100 km deis.

compostella_4Ergens mid- den yn Frankryk yn de Berry. Even rêste en wat skriuwe by it kastiel dat sa út in mearke komme kin.

Dizze herder op de Spaanske Meseta wiist my de wei. Ik ferstean de helt net fan wat hy seit.

compostella_5Net it doel is it meast wichtich.It is folle mear it ûnderweiswêzen. Boppe op de bergen yn Spanje leit in refugio wêr’t in soad pilgrims oernachtsje.

sant74Oan de ein fan de reis komme je oan by de katedraal fan Santiago. Santiago leit yn Galisië. It is Keltysk folk. Je wane je hjir yn Skotlân. Dat Keltyske is ek te hearren yn muzyk fan de  Galisyske groep Luar na Lubre : Chove en Santiago.

sant83Fan Santiago gean je fierder nei Finisterra. It ein fan de wrâld. Eartiids leaude men dat de wrâld hjir ophâlde en it deaderyk begûn. Dêrom neamt men de kust hjir de kust fan de Dea.- Costa da Morte. De pilgrims namen hjirwei in skulp mei as teken dat hja de tocht folbrocht hienen. Ik gie nei Costa da Morte. Dêr op dy rots sjogge je de machtich blauwe oseaan lizzen en de lytse fiskersboatsjes dobberjen op it wetter.

compostella_6Fuort letter is de ‘Prestige” de grutte oaljetanker hjir fergien mei alle gefolgen foar it miljeu. Dit komt werom yn it liet Costa da Morte fan de cd Ljocht en Skaad.