boerkeIn pear jier lyn makke ik in lange trektocht oer Baly,Lombok en Java yn Yndonesië. It hat grutte yndruk makke.

Neist dit boerke fiel ik my thús. It wie soms krekt as wie ik by ús pake werom op syn pleatske yn de Fryske wâlden. Ien ko en in heaberch. Gjin jild mar wol tiid. In hiel ferskil mei it streste bestean hjir yn it rike westen. De natuer is prachtich. Eksoatyske blommen, krûden en speserijen.

bromoMar it is ek gefaarlik. It lân leit op it brekflak Fan de ierde. Rûnom fulkanen. Hjirneist de Bromo fulkaan op in moarn betiid fuort nei sinsopgong.

panangaranEn as it reint, reint it by bakken út de loft. Sa as hjir by Pangandaran, wêr’t samar alles ûnderstreamt. Net sa lang lyn wie hjir ek noch in tsunami.

indonesie230De bern fan Yndonesië ha fan alles neat. Hjirûnder in foto út in skoaltsje op Lombok. Nettsjindeande de earmoed wat in útstrieling en eagen dy’t glinsterje as donkere kralen. Yn myn liet “donkere kralen” dat stiet op de CD Underweis komt dat werom.

indonesie135Op bleate fuotten yn de sawa even meihelpe om riis te plantsjen. Toean Blanda bakt der net folle fan.

berneiepenloftYn Bandoeng op midden Java seach ik in foarstelling fan in berne teater. Bern út de sloppe-wiken fan de stêd dy’t hjir in doel fine yn muzyk en toaniel. Oandwaanlik.

Hear nei it lûd yn it liet “Butet” mei de typyske bamboeklanken Angklung: